|
Fanyljesaus
Algemeen
Bereidingstijd: 10-20 minuten
Maaltijdgang: / Sauzen/dressings
Soort keuken: Regionale keuken
Techniek:
Aantal personen:
Ingredienten: 2 1/2 dl molke, 20 gram sûker, 7 gram maizena, 1 aaidjerre, 1/2 fanyljestokje, sâlt.
Voorbereiding:
Bereidingswijze: In ytleppelfol maizena mei it giel fan in aai en in bytsje molke trochinoar hinne reare. de oare molke mei in iepenspjalt fanyljestokje en in krûmke sâlt oan ′e soad bringe. Sadree′t it siedt it fanyljestokje derby wei. In lyts bytsje fan de hite molke by it maizena-oanrearsel jitte, omraak reare, noch wat derby jitte en op ′t lêst oarsom: it maizenaguod by de hite molke jitte. Fûleindich reare en justjes siede litte. Gau fan ′t fjoer ôf nimme. Kin sawol waarm as kâld iten wurde by allerhande fan puddingguod.
|
|
|